Wês in katedralebouwer
In tsjin ’e-stream-yn-klauwer
Dreamferbouwer
Gjin doch-mar-gewoan-herkauwer
Brûk-dyn-ferstân-neisjouwer
Geastfernauwer
Sopferflauwer
Mar in ferhalebrouwer
Ideaalútjouwer
Wês in katedralebouwer
Dwale lit my dwale
Troch myn katedraal
Troch de dream dy’t ik libje wol
De wrâld dêr’t ik wêze wol
Dwale lit my dwale
Sûnder te witten wêr’t ik útkom want
In swalker kin noait ferdwale
Wês in katedralebouwer
In tsjin ’e-stream-yn-klauwer
Stip-op ’e-hoarizon-trochdouwer
Dreamferbouwer
Gjin doch-mar-gewoan-herkauwer
Brûk-dyn-ferstân-neisjouwer
Geastfernauwer
Sopferflauwer
Mar in systeemwantrouwer
Lytse-talesjouwer
Ideaalútjouwer
Wês in katedralebouwer
Dwale lit my dwale
Troch myn katedraal
Troch de dream dy’t ik libje wol
De wrâld dêr’t ik wêze wol
Dwale lit my dwale
Sûnder te witten wêr’t ik útkom want
In swalker kin noait ferdwale
Wês in katedralebouwer
Wês in katedralebouwer
In katedralebouwer
Lyrics & music: Nynke Laverman // English translation: Judith Wilkinson