Menu

Man fan hout

Hoe te fertellen
Fan it libben yn dyn earms
Yn ’e waarmte fan dyn hannen
Yn ’e lijte fan dyn rêch
En de rook fan hout

Hoe te fertellen
Fan it libben ûnder beammen
Dy’t ús hoedzje foar it ljocht
Fan in himel sa tichtby

Hoe te fertellen
Fan it libben by it fjoer
It fjoer dat efter lippen giet
Dat baarnt mar nimmer skeint    
En ivich de rook fan hout

Hoe te fertellen
Fan it libben yn dyn earms
Yn linen lang fan laitsjen
Lâns wangen fan flewiel
En de rook fan hout

Hoe te fertellen
Fan it libben by it fjoer
It fjoer dat efter lippen giet
Dat baarnt mar nimmer skeint    
En ivich de rook fan hout

Hoe te fertellen dat ik folgje
Dat ik swalkje troch it lânskip
It lânskip fan dyn liif
Hoe te fertellen dat ik dûnsje
Foar de spegels fan dyn eagen
Dy’t folgje al mar folgje en

Hoe te fertellen dat ik folgje
Dat ik swalkje troch it lânskip
It lânskip fan dyn liif
Hoe te fertellen dat ik dûnsje
Foar de spegels fan dyn eagen
Dy’t folgje al mar folgje
En ivich de rook fan hout


Man of wood

How to find words
For the life in your arms
In the warmth of your hands
In the shelter of your back
And the scent of wood

How to find words
For the life beneath the trees
That shields us from the light
Of a heaven so close 

How to find words
For the life beside the fire
The fire that lies behind lips
Burning but never wounding
And always the scent of wood

How to explain that I follow
That I wander through the landscape
The landscape of your body
How to explain that I dance
Before the mirrors of your eyes
As they follow and follow
And always the scent of wood

How to find words
For the life in your arms
In lines long from laughing
Across cheeks of velvet
And the scent of wood

How to find words
When we follow so closely
Across desires and rivers
Across stones doubts dreams
And always the scent of wood

How to explain that I follow
That I wander through the landscape
The landscape of your body
How to explain that I dance
Before the mirrors of your eyes
As they follow and follow and

How to explain that I follow
That I wander through the landscape
The landscape of your body
How to explain that I dance
Before the mirrors of your eyes
As they follow and follow
And always the scent of wood

Lyrics & music: Nynke Laverman // English translation: Judith Wilkinson