Menu

Myn blauwe bruja

blauwe frou, do krûpst by de kieren yn
yn tryste keamers ha ik pine bewarre
op lege souders fertriet in plak jûn
en myn leafde bewenne somtiden
allinne dat skronfelige hert

blauwe frou, ús blauwe oere komt
en ik stek it sân oer, sjou, sleep
âlde leafdes yn in skimmelige koffer
it wetter oer en ik huverje om dy
en myn leafde bewennet somtiden
allinne dat útraffele hert

blauwe frou, do komst sa tichtby
do krûpst by de kieren yn en ik lis
dy as in lange rivier oer my hinne
do as rein op lange dagen
do as in koel simmerhûs

en sil ik myn leafde wer bewenje
allinne yn dat raffelige hert fan my
of sil ik by dy lizze
myn blauwe frou
by dy


My blue bruja

blue woman, crawling into the cracks
I’ve stored pain in cheerless rooms
found a spot for sadness in empty attics
and sometimes my love dwells
only in that withered heart

blue woman, our hour of blue will come
and I cross the sand, lugging
old loves in a moldy suitcase
over the water, trembling because of you
and sometimes my love dwells
only in that tattered heart

blue woman, coming so close
you crawl into the cracks and I lay you
down on top of me like a long river
you’re like rain on long hot days
you’re like a cool summer cottage

and shall I dwell in my love again
only in that ragged heart of mine
or shall I lie beside you
my blue woman
beside you

Lyrics: Albertina Soepboer
Music: Sytze Pruiksma, Ward Veenstra, Nynke Laverman
English translation: Susan Massotty