Unferwachts sil it komme
Unferwachts
Want ik wachtsje net
Ik achtsje net
Ik freegje wat fan my is
Ik freegje freegje wat fan my is
De wrâld is myn toaniel
Unferwachts sil it komme
Unferwachts
Want ik wist it net
Wist it wol en wist it net
Ik wâdzje troch myn widze
Ik wâdzje wâdzje troch myn widze
Mei learzens fan flewiel
En de wyn sil my om ’e earen slaan
Dat der likefolle kânsen as stjerren wiene
En it wetter sil my wreed te kennen jaan
Dat der likefolle kânsen as stjerren wiene
Wa sil in memmemoardner ferjaan
Unferwachts sil it komme
Unferwachts
Want ik wachtsje net
Ik achtsje net
Ik waskje myn gewisse
Ik wiskje en waskje myn gewisse
Wiskje stikjes siel
En de wyn sil my om ’e earen slaan
Dat der likefolle kânsen as stjerren wiene
En it wetter sil my wreed te kennen jaan
Dat der likefolle kânsen as stjerren wiene
Wa sil in memmemoardner ferjaan
Ik ha de wachter fergetten
De wachter yn mysels ferret
De wachter fergetten
Foar gek yn ’e hoeke set
Ik ha de wachter fergetten
De wachter yn mysels ferret
De wachter fergetten
Wês wach
Wês wachter
Wachter yn ferwûndering
Wachter yn bysûndering
Wês wach
Wês wach
Lyrics: Nynke Laverman // Music: Sytze Pruiksma & Nynke Laverman // English translation: Judith Wilkinson