DAT IT DER AL IS
Witst noch dy kear dat ik echt net mear
Seach hoe’t it fierder gie
En it liet fan de ivige twifel my wer
By de kiel hie
En do seist it komt sa’t it komt en oars
Komt it mar net, mar wy binn’ der al
Dus lit it mar sitte en as it de tiid
Derfoar is, no dan komt it wol
De stream fan de dingen dy sil dy wol
Bringe wêr’st hinne moast, folgje mar
En al tinkst dat it paad by dy weirint
Dyn fuotten dy folgje har
En wit dat it goed is sa’t it is
En dat it hjoed is datsto der bist, leaf
En datst fertrouwe kinst
En wit datst frij bist
Frij om leaf te hawwen
Elk momint opnij
Ferjit net dat it der al is, leaf
Dat it der al is, leaf
Ferjit net dat it der al is
Dat alles der al is
Dat alles der al is, leaf
Dat it der al is
Dy kear dat de apen en bearen
Gelyk mei de sinne de trep op kamen
En do seist wat leuk jim te moetsjen
En ús mei syn allen mei nei ûnderen naamst
Datsto mei in taartsje op tafel
Ferteldest hoe wiis ast bist
Mei ús en mei al wat ús jûn is
De rykdom dy’t leafde is
En wit dat it goed is sa’t it is
En dat it hjoed is datsto der bist, leaf
En datst fertrouwe kinst
En wit datst frij bist
Frij om leaf te hawwen
Elk momint opnij
Ferjit net dat it der al is, leaf
Dat it der al is, leaf
Ferjit net dat it der al is
Dat alles der al is
Dat alles der al is, leaf
Dat it der al is
Lyrics & vocals Nynke Laverman | Music Sytze Pruiksma & Nynke Laverman | All instruments Sytze Pruiksma, except: strings Ragazze Quartet | String arrangements Sebastiaan Koolhoven | Musical production & recording Sytze Pruiksma | Mix Harry Zwerver | Mastering Darius van Helfteren