kom as de fisken
kalm mei iepen eagen
sûnder seare wurden
inkeld belleblaas
wit fan myn gefaren
sobje se net stikken
en lit in âld ferhaal
mar stil foarby gean
oan ús doar
sjoch nei wat der is
sjoch nei wat it seit
sjoch mei bleate eagen
wat it seit
kom as de fisken
koel en ademleas
sûnder seare wurden
inkeld belleblaas
Lyrics: Nynke Laverman Music: Nynke Laverman & Sebastiaan Koolhoven English translation: Willem Groenewegen