As de dea myn namme neamde
En myn libben kaam oan ein
Soest dan sizze datst by my bleaust
Ek al seachst ik wie fersein
Joechst my bloed foar myn bloedbrulloft
Soest my fuortjaan as in heit
Soest my liede nei it alter
Ek al wie ik in oar ta breid
Soest noch wachtsje op it ja-wurd
Seidest dat dan sachtjes mei
Soest my helpe út myn lichem
Dat ik frij wie op myn wei
Dan joech ik oer
As dan alles eins wol ree wie
Hiel myn libben wie oan kant
As de tiid my oan mysels liet
Mei de dea as brêgeman
Soest dan sizze dat it goed wie
Dat der leafde wêze soe
Dat ik opgie yn myn dreamen
Dat ik no fertrouwe koe
Dan joech ik oer
As ik dy stean seach út ’e fierte
En my dat betinken die
Dat ik sels al wie’k ferlern en blyn
De leafde útfûn hie
Dan joech ik oer
Lyrics: Lhasa de Sela, free translation: Nynke Laverman // Music: Lhasa de Sela // English translation: Judith Wilkinson