doe’t ik my útklaaid hie
en foar him stie
spruts syn antlit sûnder taal
ik wie fan him
gjin misferstân
neaken as ik wie
stie ik sterk ûnder syn eagen
mei de graasje op ’e skouders
en de stilte yn it hier
draaide ik my om
en liet him sjen
hy wie fan my
gjin misferstân
Lyrics: Nynke Laverman Music: Nynke Laverman & Maartje Teussink English translation: Willem Groenewegen