Ivige drôvens ferneare
Moat elts dy´t him te bot oan ´t leavjen wijt;
Nea wie myn hert by steat te kearen,
De leafde dy´t troch de siel snijt.
Op ´e nij socht myn tramtearre hert
Fergees dyn boarst en lis him dêr ta rêste.
´t Raast om treast foar in toarstich ferlet,
Troch lust net te dwêsten.
Eltse die moat men belije
Ûntkomme oan boetsjen kin men nea,
Oant de gleonens fan it lêste swiete frijen
Fertarret yn ´e dea.
Hoe lang kin men soms omearmje,
Ien kear is de tiid wer oer;
Kin men himsels dan nea beskermje
En deadzje dat ferflokte fjoer?
Ik wit: leafde is sûnde.
Straf giet dêrom net oan my foarby:
Foar ivich wurdt myn hert ferwûne
Troch immen dy’t nea joech om my.
Lyrics: anonymous, translation: J.J. Slauerhoff Music: Pedro Rodrigues Frisian translation: Nynke Laverman