De see lûkt ûnder it swart fan de nachten
Nei ferskate fergetten strânen;
As floeibere winen binne syn klachten
En sâlt, sa´ t triennen brâne.
Oeral dêr´t de kusten krekt
Binne as betrienne eagen
Troch de brâning dy´t yn snikken brekt,
Fiel ik myn lijen smeekjen mei syn weagen
Om de genede dy´t ´k ferlear,
Om te wêzen wêr 't ik wol: tichtby dy.
’t Leafst soe ik swalkje sûnder skip en sûnder kear
Oer seeën, alle kimen foarby.
Want nearne op dizze wrâld en oeral,
Doarmet as it skynsel fan de moanne út de wolken,
Myn fertriet, helder en blyn tagelyk, troch it hielal
En wol him ferdrinke, ferdrinke yn kolken.
Ik wit: de see en ik,
Yn ´t swart fan de nachten binne wy te hearren.
Om ien fertriet woelje wy tegearre;
Op ´t oeverleas bêd wine wy om oant in snik.
Oeral dêr´t de kusten krekt
Binne as swier betrienne eagen
Troch de brâning dy´t yn snikken brekt,
Fiel ik myn lijen smeekjen mei syn weagen
Om de genede dy´t ´k ferlear
Om te wêzen wêr´t ik wol: tichtby dy.
’t Leafst soe ik swalkje sûnder skip en sûnder kear
Oer seeën, alle kimen foarby.
Lyrics: J.J. Slauerhoff // Music: Custódio Castelo Frisian translation: Nynke Laverman