Leaf hie hy it lân dêr ´t syn skip op ta fleach,
Leaf, as in frou ´t ferskûle kommen dat sy draacht.
Oer ´t lân dat syn tinzen betsjoende, dreamde er sa graach
En as de boech opkaam op in hege weach
Dan fermoed´ er libben ûnder fierten,
Ûnder fierten, sûzjend yn ´e slom,
Wylst it skip trochfear, d´ oansteande berte yn ´e mjitte,
Bûnzjende weagen ferpulverjend ta skom.
Mar doe´t it lân him bleatjoech, wie ´t as hie er it ferret.
Neat ferbûn harr´. Gjin string stil en ûnsichtber wie der tusken harren.
Hy winske it fuort wer ûnûntdutsen, hy winske – mar wie al te let.
It wie al te let:
Iepen en bleat wie it foar elts te sjen. Ferslein is er wer ôfset;
Wat bleau him oer as dom de see te folgjen, syn skip swier fan smert,
Syn fjoer berutsen, en leech oer seeën fan leegte te farren.
Lyrics: J.J. Slauerhoff // Music: Custódio Castelo Frisian translation: Nynke Laverman