se siket noch, it sielewyfke
har flugge fingers hâlde yn
bliuwe hingjen boppe tafel
bliuwe hingjen yn ’e tiid
in fûgel raast, se komt oerein
se wit de wrâld dy’t wachtet
se grypt it finster, himet út
de wyn aait sêft in âlde rêch
se set har wer, it sielewyfke
en jout har oan ’e keunsten oer
se lit har hannen dûnsje
se lit har hannen dwaan
hoeden meitsje wolken romte
deiljocht flammet witer op
de wyn hâldt koart de siken yn
en dan is it bard
se glimket stil, it sielewyfke
wer stiet se op, mar lichter no
en wider teart it rút him iepen
wider iepenet him de wrâld en
wylst twa fonkelnije sielen
sweevje nei de kime
prevelet se foar har út:
lit dizzen inoar fine
lit dizzen inoar fine
Lyrics: Nynke Laverman Music: Sebastiaan Koolhoven English translation: Willem Groenewegen