Yn my ûntwuollet him wêroan´t ik stjerre sil:
Oan de iggen fan ´e Taag.
´t Ofrinnend giel, it streamen traach,
Nearne is it moaier en drôver,
En ´t bestean ferheven en ferdôvjend.
By´t ljocht fan ´e dei strún ik om oer de prado’s,
By´t tsjuster hear ik de fado’s
Kleien oant djip yn ´e nacht:
“A vida é imensa tristura” –
De kwaal dy´t wachtet krijt my stadich yn ´e macht.
Hjir hat it sin om te stjerren,
Wêr´t alles swolget, gleon swolget yn smert:
Lisboa, ea stêd fan alle stêden,
Tôgjend mei ´t ferline oant no ta,
Ruïnes mei rom betiizjend.
Warleas wurd ik troch dizze waan betoov´re,
Ek ik haw ûntdutsen en feroov´re
En oan ´e ein gie ´t wer teloar,
Om hjir te stjerren: “tudo é dor”.
Lyrics: J.J. Slauerhoff // Music: Custódio Castelo Frisian translation: Nynke Laverman