as de jûn ferdwynt
yn ’e bûse fan de nacht
en de kears giet út
en de sliep komt op
dan falle de kevers
toek-toek-toek-toek
dan falle de kevers
sliep mar sêft nomadebern
de toek-toek tuorren falle
se bringe dy dyn dreamen
toek-toek-toek-toek
hear, dêr gean de toek-toek tuorren
se falle út ’e himel
se bringe dy dyn dreamen
toek-toek-toek-toek
yn it lân fan wite tinten
hingje tuorkes oan it tek
nimmen sjocht se
nimmen heart se
op ’e kop boppe de minsken
hingje lytse swarte kevers
oan it wite tintetek
oerdei fange se tinzen
sammelje se wurden
alles tocht en alles sprutsen
wurdt mei flyt byinoar brocht
yn minuskúle dreampakketsjes
wûnderlik kompakt
dy’t se bine foar har búkjes
lytse bomkes foar de nacht
sliep mar sêft nomadebern
de toek-toek tuorren falle
se bringe dy dyn dreamen
toek-toek-toek-toek
hear, dêr gean de toek-toek tuorren
de spegels fan ’e siele
se bringe dy dyn dreamen
toek-toek-toek-toek
wienen hjoed dyn bedoelings goed
yn tinken en yn sizzen
dan wachtet dy in swiete dream
toek-toek-toek-toek
kamen dyn wurden út it hert
of wienen dyn pylken giftich
de toek-toek tuorren falle
en bringe it dy werom
yn it lân fan wite tinten
hingje tuorkes oan it tek
nimmen sjocht se
nimmen heart se
op ’e kop boppe de minsken
hingje lytse swarte kevers
oan it wite tintetek
dare devils op de
fjouwerkante meter
einleas einleas efteroer
in frije fal fan meters meters
parasjutisten sûnder sweefdoek
alle nachten op ’e nij
oant de lâning op it skyld
toek-toek-toek-toek
en de dreamen springe frij
Lyrics: Nynke Laverman Music: Nynke Laverman & Ward Veenstra English translation: Willem Groenewegen