Dizze maaitiid giet it dochs wer
Oer dy hoewol’t ik der stadichoan
Wol wurch fan bin
Wurch fan rein wyn flarden
Ferrifeljend blau yn ’e loft
Dizige tasizzings fan ’e ein
Fan de kjeld
Ik wit wol dat ik dochs wer
Fan dy hâld mar muoisum soms
Mei dat doelleaze
Fan fûgels dy’t der fan lykje
Te hâlden yn rein en wyn
Omhingjen te bliuwen
Boppe lân
Lyrics: Rutger Kopland | Music: Nynke Laverman & Ward Veenstra Frisian translation: Nynke Laverman | English translation: Judith Wilkinson