Moarn sil it foar ivich maaitiid wêze
Mar nacht is it no
Achterlitten
Yn in ûnbewenbere wrâld
Achterlitten
Dêr’t de dei te ljocht is
En gjin nacht tsjuster genôch
Om it gebalt binnenyn
Del te bêdzjen
Moarn sil it foar ivich maaitiid wêze
Mar nacht is it no
Achterlitten
Yn in rinkeljen fan kleur en lûd
Achterlitten
Yn alle strjitten alle keamers
Sykje ik om dy
Tusken ûntelbere minsken
Fyn ik dy net
Moarn sil it foar ivich maaitiid wêze
Mar nacht is it no
Ferlos my
Ut dit luchtlege
Lit my yn ta de ierde
Dy’t dy bestoppet
Tichtby dy wol ik sliepe
En ta stof fergean
Moarn sil it foar ivich maaitiid wêze
Moarn
Lyrics: Tsjêbbe Hettinga & Hanny Michaelis // Music: Nynke Laverman // English translation: Judith Wilkinson