Wachtsjend
Oant myn lichem
Net mear fêsthâldt
Oan ’e waarmte
Oant myn bloed
Op kin
Tsjin ’e kalmte
Fan ’e snie
Wachtsjend
Oant ik stadichoan
Oernaam wurd
My mei de grûn ferbyn
Hjir is it
Dêr’t ik ien wurd
Hjir is it
Dêr’t ik bliuw
Wachtsjend
Oant de swiertekrêft
My falle lit
Yn djippe hichten
Lang genôch
Haw ik my bûgd
Nei de wetten
Fan ’e wrâld
Sa lang lyn
Dat ik sûnder bonken wie
Sa lang lyn
Dat ik ien mei alles wie
Nim my wer op
Lit my wer ta
Ik bin in dochter
Dy’t wachtet
Oant mem har wer hellet
Wachtsjend
Oant de twirrewyn
My widzje sil
Mei sêfte memmestim
Oant de snie
My stil bestoppet
Under stive
Tekkens sliep
Wachtsjend
Oant ik net mear wit
Wêr’t de reis begjint
Dit lichem einiget
Ik fertrou
Op alles foar my
Op alles nei my
Op wat ik net wit
Wachtsjend
Oant it libben loslit
As it gaaske
Op in hielde wûne
Oant de mem
My wer opnimt
My weromlûkt
Yn har skoat
Wachtsjend
Oant it ferset ferliest
Oant ik einlings
Opnij omearmje kin
Oant de langst
By dy te wêzen
It wint
Fan in warber hert
Lyrics & music: Nynke Laverman // English translation: Judith Wilkinson