Ald mei dy
Ald mei dy
As it dan moat it âlder wurden
Dan it leafste âld mei dy
Soenen we laitsje
Om ús knoffelige loopkes
Soenen we skrieme
Om elkoars ferjitlikheid
Glimkje om de tearen
Dy’t har frij en ûnbeskamme
Telle lieten
As de ringen fan in beam
Ald mei dy
Ald mei dy
As it dan moat it âlder wurden
Dan it leafste âld mei dy
Soenen we prate
Oer deselde tûzen dingen
Soenen we frije
Mei deselde ynlikheid
Glimkje om de kearen
Dat we frij en ûnbeskamme
Leafde makken
Yn ’e earmen fan ’e jeugd
Ald mei dy
Ald mei dy
As it dan moat it âlder wurden
Dan it leafste âld mei dy
As it dan moat it âlder wurden
Dan it leafste âld mei dy
Lyrics & music: Nynke Laverman // English translation: Judith Wilkinson