Yn beamme-earms beskûle
Yn beamme-earms beskûle
Boskûle
Wachtet
As oan in tried rjochtop stiet er
Op syn iepenst alle sinnen spitst
Ferwachtet net
Wachtet
Slacht acht
Op jacht sûnder te jeien
Op wacht sûnder te kleien
Yn himsels en yn ’e wrâld
Stiet er krekt dêr wêr’t er is
Dêr wêr’t er is
Om my hinne mist
En mûzebiters oeral mûzebiters
Klokken dy’t de rokken opnimme
Har ûngelikense skonken dronken
Yn ’e rûnte swaaie it fertikje
Myn bidden oan te hearen
Myn bidden heech op tinne loft
Om in pypskoft in pypskoft
Wie tiid in plak
Koe ik dan wêze
Rêst fine as in bern
Yn memme-earms
De wizers wizer as myn winskjen
Witte better witte net fan letter
Net fan earder doe en moarn
Mar jouwe oan
Biede my in beat
De bonken foar in liet
O lit my dûnsje mei de mûle
Lit my sjonge as in ûle mei de oe
Fan oerjefte oerjefte
Dan waard ik ien mei wa’t ik wie
Mei wa’t ik wie noch foar myn tiid
Yn beamme-earms beskûle
Yn beamme-earms beskûle
Boskûle
Wachtet
Ferachtet net mar
Slachtet twanggedachten
Goed en kwea mei sachte hân
Hâldt wacht by wat him leaf is
By wat úteinlik bliuwt
Beskermet wat der mear is
Beskermet wat him driuwt
O lit my dûnsje mei de mûle
Lit my gûle mei de oe fan
Oerjefte oerjefte
Oan wat yn my beskûle leit
O boskûle boskûle
Hoe kom ik werom
Werom by wêr’t ik wei kom
Werom by wat ik net wit
Werom by wat ik mis
Wiis my it wiere wachtsjen
It libjen frij fan angst en langst
Wiis my de dream de stream de stilte
Set it stil it tinken stil
Sjonge moat ik dûnsje
Dûnsje mei de mûle
Oant de jûn komt en de ûle
Syn wjukken iepenslacht
My noeget yn ’e nacht
Hoefolle ûle bin ik
As ik op fierste grutte learzens
Troch de dei stap
De koarste wei nei stelde doelen
Rin en stin by elke stroffelstien
It ôffinken fan lytse langsten
De fonkjes fan ’e dei dy’t noait
In goeie flam lit stean de boel
Flink yn ’e fik sette sille
Hoefolle ûle bin ik
As ik net foarby dit libben
Doar te tinken net foarby
Foarby mysels net grutter
Meitsje as in kop mei in ferstân
Dat him graach stjoerman neamt
It roer oernimt fan minder lûde stimmen
Dy’t freegje: wolst ien wêze
Of wolst íen wêze
De wachter swijt
Wachtet
Oant de prater útpraat is
En earne komt dêr’t sjongen
Better liket foar de longen
Foar in libben yn it ljocht
Hy sjocht my oan
Hoefolle ûle bin ik
As ik mei fierste lange tonge
Fiskje nei betsjutting
Lippen linich bûch yn alle bochten
En de nocht om te beneamen
Neat en nimmen oerslacht
De wachter wachtet
Sjocht myn wrotten oan
Yn hokker wurden
Ferskûlet him it lok
Of wennet sy yn stilte
Yn ’e romte tusken klinkers yn
Ungrypber foar de tongeklap
It stimpel fan de stim
It ûngelok reewilliger
Lit him graach en breed útmjitte
Raant as sûker op ’e tonge
Stoart him sûnder earst te freegjen
Yn in floed fan tûzen kleuren
Ut oer hiel de minskewrâld
Yn beamme-earms beskûle
Yn beamme-earms beskûle
Boskûle
Wachtet
As oan in tried rjochtop stiet er
Op syn iepenst alle sinnen spitst
Ferwachtet net
Wachtet
Slacht acht
Op jacht sûnder te jeien
Op wacht sûnder te kleien
Yn himsels en yn ’e wrâld
Stiet er krekt dêr wêr’t er is
Dêr wêr’t er is
Djip yn my beskûle
Djip yn my beskûle
Boskûle
Lit my dûnsje mei de mûle
Lit my sjonge mei de oe
Fan oerjefte oerjefte
Wachter wol ik wêze
Fan langst en angsten frij
Wachter wol ik wêze
En ien wurde mei dy