Ik bin in frou, sizze se
Ik hear by de minsken
Ik hear by de minsken
Sizze se, do bist ien fan ús
Ik haw in thús, sizze se
Ik hear by de minsken
Ik hear by de minsken
Sizze se, do bist hjir thús
Ik bin teplak, sizze se
Ik bin in bewenner
In bewenner fan de stêd dêr’t elk wêze wol
Dêr’t elk it rêde wol mar fol is fol
Net elk dy wurdt hjir âld
Ik bin teplak, sizze se
Ik bin in bewenner
In erkende bewenner
Fan de minskewrâld
Der stean muorren om my hinne
Ik kin rinne fan de keuken nei de kast
En wer werom der is in flier en in plafond
Ik wurd omearme troch beton
Dat my beskermet tsjin wat komt
Tsjin alles wat fan bûten komt
Ik bin in frou, sizze se
Ik hear by de minsken
Ik hear by de minsken
Sizze se, dit is wa’sto bist
Ik bin teplak, sizze se
Ik haw neat mear te winskjen
Ik haw neat mear te winskjen
Sizze se, dit is wat it is
Der stean minsken om my hinne
Ik hoech nea wer allinne te begjinnen
Oan ’e dei ik bin binnen ik doch mei
Ik wurd omringe troch dejingen
Dy’t myn taal ferstean dy’t itselde paad
Gean al ieuwenlang itselde paad
In libben foarsisber útlisber en folslein útwisber
Nimmen is ûnmisber
Ik bin teplak, sizze se
Tusken muorren en minsken
Tusken muorren en minsken
Sizze se, dêr is myn plak
Ik haw it fûn, sizze se
Ik haw neat mear te winskjen
Ik haw neat mear te winskjen
Sizze se, ik bin ûnderdak
Lûdsticht luchtticht potticht
Gesticht gesticht ik stik ik stik
Do bist hjir feilich, sizze se
Hjir is alles eigen, sizze se
Do bist hjir thús, sizze se
Do bist ien fan ús, sizze se
Ik bin teplak, sizze se
Ik haw it fûn, sizze se
Ik haw in hûs fan beton yn ’e stêd
En in man dy’t thúskomt elke jûn
Ik bin gelokkich, sizze se
Ik haw it troffen, sizze se
Ik bin frij, sizze se
De wrâld leit oan myn fuotten
Ik bin in frou, sizze se
In jonge blom, sizze se
Ik bin in frou yn ’e fleur fan har libben
Mar hoe sjit ik woartel yn beton
Lyrics & performance Nynke Laverman | Music Nynke Laverman & Sytze Pruiksma | All instruments Sytze Pruiksma, except: bass Peter Sijbenga | Musical production & recording Sytze Pruiksma | Mix Harry Zwerver | Mastering Darcy Proper